Houghton Mifflin Harcourt | ||
algemien | ||
hist. namme | Houghton, Mifflin & Company Houghton Mifflin Company Houghton Mifflin Riverdeep Group | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type | publyk | |
sektor | útjouwerij, softwareprodusint | |
haadkertier | Boston (Massachusetts) | |
oprjochte | 1832 | |
oprjochter | William Ticknor | |
dochters | sjoch: ymprints | |
sifers | ||
omset | $1.410.000.000 (2017) | |
aktyf yn | benammen de Feriene Steaten | |
wurknimmers | > 4.000 | |
offisjele webside | ||
www.hmhco.com |
Houghton Mifflin Harcourt (útspr.: ['hoʊtən 'mɪflɨn 'ha:ɹkəɹt], likernôch: "hoo-t'n mif-lin haar-kurt"), ôfkoarte ta HMH, is in Amerikaanske útjouwerij fan skoalboeken, neislachwurken, fiksje en non-fiksje. It bedriuw waard, fia ferskate rjochtsfoargongers, oprjochte yn 1832. It is fêstige yn Boston, yn 'e Amerikaanske steat Massachusetts. Houghton Mifflin Harcourt, dat mear as fjouwertûzen man oan it wurk hat, hie yn 2017 in omset fan mear $1,4 miljard.